Mei-inoar itensiede
Dan geane we oan ’e slach. Earst krije we allegear in grutte skelk foar en útlis oer de wurkwize. Yn groepkes fan twa - troch sykte wiene we mar mei ús achten - nimme we elk in ûnderdiel fan it trijegongediner foar ús rekken. De yngrediïnten en de resepten lizze kreas foar elk groepke klear. Moal moat ôfwoegen wurde, griente en fruit wosken, skyld en snijd. Alles farsk, ferantwurde en sûn, neat út potsjes of blikjes. Under oaren blomkoalsop, quiche, slaad, bôle en iis stean op it menu. Wêr nedich jouwe Nynke en stazjêre Bente advizen.
As it wurk sa’n bytsje dien is en der noch wat yn ’e oven gear wurde moat, kinne we foar iten noch in slach troch it museum meitsje. Foaral de nije, fêste eksposysje oer it Frysk hynder makket yndruk. Dêrnei is it tiid om oan tafel en mei-inoar te genietsjen fan ús eigen itensiederskeunsten. It smakket allegear poerbêst en mei in foldien gefoel giet elk wer op hûs oan nei in learsume, smaaklike en gesellige middei.
Nynke Beetstra